Tartu UNESCO City of Literature biedt in residinsje fan twa moannen oan foar skriuwers en oersetters, fan 15 oktober oant en mei 15 desimber 2026. Der wurdt ien dielnimmer selektearre út de iepen call.

Tartu is de op ien nei grutste stêd fan Estlân, mar wurdt algemien beskôge as de yntellektuele haadstêd: fan fitaal belang foar de ûntwikkeling fan it ûnderwiissysteem, de kultuer, de wittenskip en de literatuer yn de Estlânske taal. Yn 2015 krige Tartu de titel UNESCO City of Literature, wat de libbene literêre scene fierder fersterke hat. It residinsjeprogramma fan Tartu City of Literature wol de ynternasjonale útwikseling en kommunikaasje fergrutsje, bydrage oan de mobiliteit fan skriuwers en oersetters, in kreative en ynspirearjende omjouwing biede en skriuwers de kâns jaan om harren wurk oan Estske lêzers te presintearjen. It programma stiet iepen foar skriuwers en oersetters (dy’t út it Estlânsk wei nei oare talen oersette) fan oer de hiele wrâld dy’t oan de stelde kritearia foldogge. It residinsjeprogramma wurdt koördinearre troch de Estonian Literary Society, yn gearwurking mei de Tartu Literature House Foundation en yn partnerskip mei ferskate oare literêre ynstellings.

Yn de residinsjeperioade falt it ynterdissiplinêre literatuerfestival Crazy Tartu (12 oant en mei 14 novimber), dêr’t de residint de gelegenheid kriget om op te treden.

De residint ferbliuwt yn it eardere Karl Ristikivi-museum, it lêste wenhûs fan de ferneamde Estlânske skriuwer Karl Ristikivi (1912 -1977) foardat er yn 1943 nei Sweden flechte. De histoaryske sfear is bewarre bleaun, mei alle moderne foarsjennings. Neist ûnderdak kriget de residint in beurs fan € 600 yn de moanne en in fergoeding fan de reiskosten fan en nei Tartu oant € 350. In kontaktpersoan helpt by optredens, moetingen en it lizzen fan kontakt mei it lokale literêre libben.

Oanmelde kin oant 1 septimber 2026. De útslach wurdt foar 15 septimber bekend makke.

Mear ynformaasje, de oanmeldkritearia en it oanmeldformulier fynst hjir. Fragen? Mail nei Marja Unt fia eks@kirjandus.ee.