Oan it begjin fan de lockdown rôp kollega-literatuerstêd Ulyanovsk (Ruslân) skriuwers fan oer de hiele wrâld op om harren foto’s en teksten oer de stêd as boarne fan ynspiraasje yn te stjoeren. Nicole van den Berg – wenjend yn Ljouwert – stjoerde in foto yn fan in ‘horror-boarterstún’ dy’t opnommen waard yn de eksposysje.

It projekt lit besikers de relaasje fan de skriuwer mei in stêd begripe en lit auteurs fan ferskillende lannen yn ‘e kunde komme mei elkoars wurk. It resultaat is in online eksposysje mei 100 bylden en teksten.

Arjan Hut naam út namme fan tydskrift de Moanne in ynterview ôf mei Nicole. Ut it artikel: “Se beskiuwt har wurk as gedichten, ferhalen of gewoan ‘statusupdates’. “Ik zou wel een boek willen schrijven. Nu ben ik kilometers aan het maken.” Letterlik, want it kuierjen mei Yuko smyt in soad teksten op. “Met een hond ben je makkelijk benaderbaar. Zonder Yuko had ik zeker minder inspiratie!””

Besjoch de eksposysje
Lês it ynterview fan de Moanne
Mear wurk fan Nicole van den Berg

Foto: Nicole van den Berg