Elk nij seizoen bringt Leeuwarden UNESCO City of Literature in bypassende poëtyske boekelizzer út, dy’t ôf te heljen is by boekhannels yn Fryslân. Omdat it op 21 maart net allinnich de start fan de maitiid is, mar ek World Poetry Day, diele we ek in animearre ferzje fan gedicht en yllustraasje.
It gedicht is diskear skreaun troch Tryntsje van der Steege, as studint oan de Skriuwersfakskoalle dêr’t wy de fraach foar in gedicht delleinen by de studinten poëzy. De Nederlânske en Ingelske ferzje kinst lêze fia de QR-koade op de boekelizzer. De yllustraasjes wurde dit hiele jier makke troch Redmer Hoekstra.
Wêr te krijen?
De boekelizzer is te krijen by in grut tal boekhannels yn Fryslân. Freegje dernei ast in boek of bondel keapest. De lokaasjes dêr’tst de boekelizzer ôfhelje kinst: alle winkels fan Van der Velde Boeken yn Fryslân, Boekhandel Muizelaar Koudum, Het Boekhuis Boalsert, Het Boekhuis Warkum, Boekhandel Planteyn de Gordyk, Boekhandel Burgum, Kinderboekwinkel De Toverlantaarn, Boekhandel Friso Akkrum, Bruna Surhústerfean, Bruna Snits, Bruna Kollum, Boekhandel IJlstra Drachten, DA Readshop Ljouwert, DA Readshop Snits, Boekwinkel De Grote Beer yn Frjentsjer en by de boekhannel fan de Afûk yn Ljouwert.