De Poëzieroute Leeuwarden is útwreide mei in webapp. Dat wurdt op freed 5 novimber fierd mei in middei dêr’t it draait om strjittepoëzij, mei û.o. in workshop strjittepoëzij troch literatuerwittenskipper Kila van der Starre. Meld dy gau (fergees) oan!

Nije webside en app

De app is ûnderdiel fan de fernijde webside fan de Poëzieroute Leeuwarden, dy’t it ôfrûne jier yn opdracht fan Stichting Poëzietableaus Leeuwarden en Ljouwert UNESCO City of Literature ûntwikkele is troch
BW H Ontwerpers en mei mooglik makke is troch it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân.

Tagonklikheid

De goed sechtich gedichten op tegelpanielen yn de strjitten fan Ljouwert binne foar de webapp ynsprutsen troch akteurs Tamara Schoppert en Raymond Muller. Wa’t net goed sjen kin, kin no harkje nei de gedichten. Foar wa’t de rûte net rinne kin, binne by alle gedichten 360graden-bylden makke, sadat de rûte ek op oare plakken as yn de strjitten fan Ljouwert besjoen wurde kin. Boppedat binne yn de webapp ek Ingelske oersettingen fan de gedichten te finen en binne de Fryske gedichten ek yn it Nederlânsk oerset.

Workshop strjittepoëzij & lêzing 5 novimber

Om de yntroduksje fan de webapp te fieren draait freedtemiddei 5 novimber alles om strjittepoëzij, mei in workshop, lêzing, petear en gedichten yn Theater de Bres, Skoallestrjitte 4 yn Ljouwert.

> Meld dy no fergees oan! <

Bist fan herte wolkom! De tagong is fergees. It tal plakken is beheind, meld dy sa gau as mooglik per mail oan. Jou yn de e-mail oan by hokker fan de programma-ûnderdielen ast oanwêzich wêze wolst. Wy litte dy dan witte oft dat slagget.

14:00-15:45 oereWorkshop strjittepoëzij troch literatuerwittenskipper Kila van der Starre. Ynspirearjende foarbylden út de wrâld fan strjitpoëzij, ynfo oer de taalkundige en materiële koade fan dizze foarm fan literatuer en oan ‘e gong mei in strjitgedicht.
15:45-16:00 oereskoft
16:00-16:30 oereLêzing fan Kila van der Starre oer it ûntstean fan strjitpoëzij en de ferskillen yn strjitpoëzij yn Nederlân en Flaanderen.
16:30-17:00 oerePanelpetear ûnder lieding fan Geart de Vries, akteurs Tamara Schoppert en Raymond Muller drage gedichten foar.
17:00-17:30 oeredrankje

Kila van der Starre – foto Eva Bours