In kloft reade skriezen begjint yn Australië mei har trek nei it Noarden en we nûgje dichters út Ljouwert/Fryslân en Melbourne/Victoria út om harren reis te dokumintearjen.

De Reade Skries of Heawylp stiet bekend as in maraton-trekfûgel. Mei briedplakken ferspraat oer it hiele noardpoalgebiet makket de fûgel syn jierlykse trek troch Azië, Europa en Afrika. Hy is sjoen yn mear as 150 lannen. Ien fan syn ûndersoarten waard ferneamd doe’t in jonge fûgel fan noch mar fjouwer moanne âld, folge waard by in epyske reis fan Alaska nei Tasmanië. It jong lei dêrby 13.435 kilometer ôf yn in non-stop flecht fan alve dagen.

Melbourne en Ljouwert UNESCO Cities of Literature bewize de reade skries eare mei in poëzieprojekt. We nûgje dichters út Ljouwert/Fryslân en Melbourne/Victoria út om mei te wurkjen oan in kettinggedicht, wêrmei’t we in poëtyske, artistike kaart meitsje fan de fleanreis fan ús reade skries. Dêrmei kreëarje wy in oade oan syn bûtenwenstige fleanfermogen en driuw om te oerlibjen, en ferbyldzje we de skientme fan it hieltyd op ’e nij hinne en wer reizgjen tusken twa (t)huzen yn in fûgellibben.

Fjouwer dichters út elke stêd (dus acht yn totaal) komme alle twa wiken by inoar yn in firtuele ‘writers’ room. Foar elke gearkomste wurdt in oare dichter útdage om in gedicht te skriuwen oer de folgjende etappe fan de reis fan de reade skries. Hjirby reflektearret de skriuwer op wêr’t de fûgel wei kaam is, en stelt dy him/har foar wêr’t er hinne gean sil.
Elke dichter hat twa wiken de tiid om in konsept te skriuwen en it dêrnei te presintearjen oan de kollega-dichters yn de writers’ room.

De fiertaal fan de gearkomsten is Ingelsk. Dichters dy’t meidogge kinne fansels yn harren eigen taal skriuwe, mar it is noflik ast sels by steat bist om in oersetting of gearfetting/beskriuwing fan dyn gedicht yn it Ingelsk te meitsjen – dat makket it makliker om it te besprekken. De gearkomsten duorje likernôch 1,5 oere. Der is in honorarium fan € 500 per dichter beskikber foar de 4 selektearre dichters út Ljouwert/Fryslân.

Deadline foar oanmelden: moandei 19 jannewaris 2026. Kinst dy oanmelde fia dit formulier op de website fan Melbourne City of Literature. Hearst uterlik tongersdei 12 febrewaris 2026 oftst meidwaan kinst.

Datums foar firtuele writers’ rooms op in rychje:
– 11 March, 9:30am (Leeuwarden CET) 7:30pm (Melbourne AEDT)
– 25 March, 9:30am (Leeuwarden CET) 7:30pm (Melbourne AEDT)
– 8 April, 10:30am (Leeuwarden) 6:30pm (Melbourne AEST) (tink der om: fan dizze datum ôf in nije starttiid y.f.m. simmertiid)
– 22 April, 10:30am (Leeuwarden CET) 6:30pm (Melbourne AEST)
– 6 May, 10:30am (Leeuwarden CET) 6:30pm (Melbourne AEST)
– 20 May, 10:30am (Leeuwarden CET) 6:30pm (Melbourne AEST)
– 3 June, 10:30am (Leeuwarden CET) 6:30pm (Melbourne AEST)
– 17 June, 10:30am (Leeuwarden CET) 6:30pm (Melbourne AEST)
– 1 July, 10:30am (Leeuwarden CET) 6:30pm (Melbourne AEST)
– 15 July, 10:30am (Leeuwarden CET) 6:30pm (Melbourne AEST)

Hast noch fragen? Mail mei tryntsje@leeuwardencityofliterature.nl.