Foar de Gielegou Rige, in iepen oprop foar begjinnende proazaskriuwers om mei plannen foar Fryske romans te kommen, binne 71 ynstjoerings binnenkaam! ‘Dat is noch folle mear as dêr’t wy op hope hiene,’ reagearret Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar, entûsjast. De sjuery fan de Gielegou Rige sil alle plannen no besjen en beoardielje. Op it Frysk Boekefeest fan freedtejûn 30 oktober wurde de fiif skriuwers bekendmakke dy’t in beurs fan €20.000 winne om in Fryske roman te skriuwen.
Arjen Dijkstra: ‘Wy wisten dat der aardich wat nij Frysk skriuwtalint op kommendewei is. Dy beweging sjochst al in pear jier. Mar dat de Gielegou safolle begjinnende en jonge skriuwers oanset hat om plannen foar Frysktalige romans yn te stjoeren, is in boppeslach! Mei safolle potinsje en driuw om yn it Frysk te skriuwen kinne wy de kommende jierren foar in nije weach yn de Fryske literatuer soargje. Wy wolle graach mei alle ynstjoerders om tafel om te besjen hoe’t wy se by it skriuwen fan harren boek stypje kinne.’
Tusken de ynstjoerde plannen sit in grut ferskaat oan literêre sjenres. Njonken in soad plannen foar Young Adult en Coming-of-Age-boeken sitte der psychologyske skrillers, dystopyske romans, histoaryske romans en aventoereromans by. Ek fantasy, magysk realisme en sciencefiction binne fertsjintwurdige. Fierder falt op dat der mear froulju as manlju ynstjoerd hawwe. Dat is goed nijs, want de fraach wêr’t de froulju yn de Fryske literatuer binne, waard de ôfrûne jierren in pear kear opsmiten.
Oer de Gielegou Rige
It Gielegou-projekt is in gearwurking tusken Tresoar, it Nederlands Letterenfonds en de Provinsje Fryslân. It projekt set yn op it stimulearjen fan begjinnende skriuwers om Frysk proaza te skriuwen en wol in nije generaasje lêzers ynteressearje foar Fryske boeken en literatuer. Ofrûne simmer gie de earste oprop derút. De fiif winners krije njonken in skriuwersbeurs ek in romme begelieding. Sa wurde se keppele oan in redakteur, yn kontakt brocht mei útjouwers en kinne se gebrûk meitsje fan de Skriuwersfakskoalle yn Ljouwert. Foar de boeken dy’t de kommende jierren yn de Gielegou Rige ferskine, binne ekstra middels reservearre foar foarmjouwing en boekpromoasje.
De sjueryleden fan de Gielegou Rige binne:
- Erik Betten – skriuwer, histoarikus
- Akke Gerlsma – dosint Frysk en Nederlânsk oan de learare-oplieding NHL Stenden
- Karen Bies – dokumintêremakker, skriuwer
- Ronnie Terpstra – boekhanneler by Van der Velde
- Baukje Zijlstra – skriuwer, redakteur, meartalichheidskoördinator
Bekendmakking winners op it Frysk Boekefeest
Elkenien is wolkom by de bekendmakking fan de fiif winners fan de Gielegou Rige. Dat bart op it Frysk Boekefeest op freedtejûn 30 oktober yn Tresoar. It Boekefeest is de ôftraap fan de Fryske Boekewike. Op dy jûn is ek de presintaasje fan it nije Kadoboek fan de Fryske Boekewike.
Wa’t derby wêze wol, graach efkes oanmelde: Fryske Boekewike.
