Wolst graach mear en bettere ferhalen skriuwe yn it Frysk? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op 21 maart set it lesblok Skriuwtechniken wer útein. Op tiisdeitejûn 7 maart is der in yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert.

De Skriuwersfakskoalle is in oplieding en wurket mei in kurrikulum: nei it lesblok Skriuwtechniken is it mooglik Skriuwtechniken B te folgjen. Dêrnei kinst, nei talitting, trochstreame nei it folgjende lesjier mei lesblokken as Poëzy en Essay. Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de tekst, it skriuwen, en learst inoar op goeie wize kommintaar te jaan. Bist part fan de kultuer fan de skoalle. 

Yn it lesblok Skriuwtechniken komst yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, learst om te eksperimentearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken.

De 12 lessen* fan it lesblok Skriuwtechniken binne fan 21 maart ôf op tiisdeitejûn fan 18:45 oant 21:45 oere by Tresoar yn Ljouwert. Krijst les fan Arjan Hut. It lesjild foar dit lesblok is 480 euro.

Op tiisdeitejûn 7 maart fan 18:45 oant 21:45 oere is der in fergees tagonklike yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert. Oanmelde foar de yntroduksjeles en it lesblok kin op www.skriuwersfakskoalle.frl. Wolst earst mear ynformaasje? Mail mei Tryntsje van der Steege: tryntsje@leeuwardencityofliterature.nl. 

*Lesdata:
21 en 28 maart;
4, 18 en 25 april;
9, 16 en 23 maaie;
6, 13, 20 en 27 juny 2023.

Liever les krijgen en werk schrijven in het Nederlands? Dat kan ook, de Schrijversvakschool geeft ook les in het Nederlands. De lessen in Leeuwarden zijn in dbieb.