Yn Frjentsjer is op woansdei 10 juny yn Boekwinkel De Grote Beer it offisjele startskot jûn fan de Frysktalige ferzje fan ‘Wie leest heeft een goed verhaal’. Dizze earste oarstalige tak fan de lanlike bewustwurdingskampanje is in gearwurking fan de (nasjonale) Leescoalitie en it Fries Leesoffensief.
Under de lansearring kamen sawol Afûk-direkteur Alex de Jager, Stichting Lezen-direkteur Tamar van Gelder, Berneboeke-ambassadeur Linda de Haan as Femke van Seijen oan it wurd. Van Seijen is net allinnich de (jonge) eigeneresse fan De Grote Beer as ek Lettergek, oftewol: ambassadeur foar it Fries Leesoffensief. Tegearre mei Bodil Stelwagen, projektlieder Fries Leesoffensief, fertelden se oer it belang fan lêzen en meartaligens. Stelwagen: “Wy fine it as Fries Leesoffensief hiel wichtich dat lêzen foar elkenien oantreklik en tagonklik is. Yn hokker taal oftst ek lêst en hokker budzjet oftst ek hast. Dêrom nimme we by de kommunikaasje oer de kampanje net allinnich boekhannels en biblioteken mei, mar bygelyks ek kringloopwinkels mei boeken.” De kampanje wurdt letter yn gearwurking mei biblioteken útwreide rjochting skoallen.
It boadskip fan de mearjierrige kampanje is: lêze ferriket, ferbynt en ynspirearret. Dat past by de doelstellings fan sawol Leescoalitie as Fries Leesoffensief. Yn beide gefallen giet it om in kollektyf fan organisaasjes dat him ynset foar it stimulearjen fan lêswille en it ferbetterjen fan de lêsfeardigens. It giet op sawol lanlik as provinsjaal nivo om lêsbewegingen mei oaljeplakeffekt. Stelwagen: “Dy bewegingen oerlaapje en fersterkje elkoar. Dat wurdt mei dizze letterlike oersetting fan de lanlike kampanje hiel sichtber!”
Foar ‘Wa’t lêst hat in goed ferhaal’ binne by de start posters ûntwikkele dêr’t lêsynsichten yn ferwurke binne. Wêrûnder: ‘It ferhaal begjint wêr’tsto it iepenest’, ‘Ast lêst, bist noait allinnich’ en ‘Lêzen is reizgjen sûnder koffer’. Yn de wiidweidige online toolkit – dy’t berikber is fia wieleestheefteengoedverhaal.nl – steane noch mear farianten. Op friesleesoffensief.nl stiet ynformaasje oer hoe’t je as organisaasje of yndividu oanheakje kinne op it Fries Leesoffensief.
Op de foto: Tamar van Gelder en Alex de Jager (Marc de Fotograaf)