De kampanje #ikleesthuis, wêrmei’t útjouwers, boekferkeapers, biblioteken, skriuwers en lêzers harren lêstips diele yn de COVID-19-lockdown, wurdt ferlinge oant en mei maaie. De hashtag wurdt in protte dield en ferbynt de literêre sektor yn dizze lestige tiid.

Mei de kampanje wol ûnder mear de CPNB minsken krekt no in moaie lêsûnderfining besoargje: “Boeken soargje foar ferriking en ferdjipping, mar biede ek ûntspanning en ûntsnapping no’t oare sosjale en kulturele aktiviteiten dêr net foar soargje kinne.” De hashtag hat sûnt de lansearring op 19 maart al faak yn de Top 20 fan trending topics fan de ûnderskate sosjale media stien. Lêzerscommunity Hebban.nl docht mei mei ûnder oaren spesjale #ikleesthuis-lêsclubs.

De kampanje #ikleesthuis is in gearwurking fan de CPNB mei GAU (Groep Algemene Uitgevers), KBb (Koninklijke Boekverkopersbond), it Letterenfonds, Stichting Lezen, Koninklijke Bibliotheek en NBD Biblion. Ynspiraasjeboarne wie skriuwster en Berneboeke-ambassadeur Manon Sikkel, dy’t de hashtag betocht.