Alle seizoenen bringe wy yn gearwurking mei in dichter, byldzjend keunstner en boekhannels in poëtyske boekelizzer út. Dêr stiet alle seizoenen fan it jier in nij skreaun Frysk gedicht op en ek in nije yllustraasje.

Yn 2025 wiene de yllustraasjes fan Julia van der Bos. Hjirûnder sjochst se allegearre! Fan it wykein fan 20 desimber ôf, de start fan de winter, kinst de nijste edysje mei dêrop in gedicht fan Mees van Rijswijk ophelje by dyn favorite boekhannel.