Tongersdei 17 juny presintearre komponiste/sjongeres Hiske Oosterwijkde dûbel-cd Wurden yn de Broeretsjerke yn Bolsward. De kaarten foar har teaterkonsert Tiidgenoaten yn oktober binne no te keap!

Omrop Fryslân wie by de cd-presintaasje, de útstjoering is ûnder oan dizze side werom te sjen.

Oer Hiske


Hiske Oosterwijk (Ljouwert, 1989) sette foar Wurden it wurk fan de 17-iuwse dichter Gysbert Japicx om ta nije muzyk. De Gysbert Japicx Holckemastifting joech Oosterwijk, mei help fan in bydrage fan Fûns Poadiumkeunsten, yn 2020 de opdracht om nije stikken te meitsjen op it wurk fan Gysbert Japicx (1603 -1666 ). Earder al makke Oosterwijk op Gysbert ynspirearre wurk foar har ôfstudearopdracht oan it Prins Claus konservatoarium yn Grins.

Teaterkonsert Tiidgenoaten

Fan 14 oant en mei 24 oktober binne de nûmers fan de CD te hearren yn teaterkonsert Tiidgenoaten yn de Broeretsjerke yn Boalsert. In teäterkonsert dêr’t it skynber net oer te brêgjen ferskil tusken Gysbert en Hiske yn tiid, kultuer en sekse dochs oerbrêge wurdt. It giet oer it útsûnderlik fermogen fan minsken om kontakt mei inoar te lizzen oer grinzen, foaroardielen en ûnderskied hinne.