Opbringsten ‘Maia en har freonen’ foar UNICEF-Oekraïne

Under oanfiering fan Hille Faber fan Utjouwerij DeRyp slaan de Fryske útjouwers de hannen gear en jouwe it Oekraynske printeboek ‘Maya and her moms’ út yn it Frysk. De opbringsten fan de ferkeap komme te’n goede oan UNICEF-Oekraïne, foar help oan bern dêr yn de oarloch.

Skriuwster Tialda Hoogeveen fersoarge de Fryske oersetting fan it boek. Sy makke Hille Faber attint op it inisjatyf, dat al troch mear lannen oppakt is.

‘Maia en har freonen’ is û.o. te keap yn de winkel en de webwinkel fan de Afûk.