Europeeske MBU-skoallen en UNESCO cities of Literature kamen byinoar yn Edinburgh om de it taalfeardich wêzen fan MBU-learlingen te ferbetterjen en fan inoar te learen oer inoars erfgoed en kultuer.

De haadstêd fan Skotlân, de oprjochter fan de UNESCO Cities of Literature, wie fan 27 oant en mei 29 oktober gasthear foar de earste live gearkomste fan de partners fan it Erasmus-projekt Story Valley. De City of Edinburgh Council, tegearre mei Edinburgh College, krigen Story Valley-partners út trije oare Europeeske UNESCO-literatuerstêden op besite – Ljouwert, Ljubljana en Nottingham.

It Europeeske projekt Story Valley lit MBU-learlingen út Fryslân, studinten út Europa en migranten op boeiende wize leare oer inoars erfgoed (ferhalen) wylst se harren taalfeardigens fersterkje. Story Valley brûkt de krêft fan dizze ferhalen en kreativiteit as in motor om kultureel erfgoed te behâlden en te ferrykjen mei de ferhalen fan oare kultueren.

Story Valley is ûntstien yn Ljouwert, nei’t de stêd yn 2019 beneamd waard ta UNESCO City of Literature. Learning Hub Friesland (LHF) seach oan de iene kant de kennis dy’t it UNESCO-netwurk hat, en de útdagings foar it beropsûnderwiis yn Nederlân en Europa mei it geletterdheidsnivo fan harren learlingen oan de oare kant. In protte studinten berikke pas nei harren ôfstudearjen it basistaalnivo en ûnderfine letter swierrichheden yn harren berop.

Opfallend wie ek dat it netwurk fan UNESCO Cities of Literature benammen ferbiningen hie mei it heger ûnderwiis en in bytsje as gjin ferbining mei it beropsûnderwiis. Dat moast oars! It projektfoarstel Story Valley is skreaun yn gearwurking mei it Friesland College en New Noardic Wave, dêrnei beoardiele troch it Europeesk Erasmusfûns mei 86 punten (fan de 100) en foar 3 jier finansierd.

De besite brocht de literêre sektor fan ‘e stêd, kulturele partners en beropsûnderwiis byinoar – Edinburgh College, Edinburgh UNESCO City of Literature, Scottish Poetry Library, Edinburgh International Book Festival (EIBF), it Scottish Storytelling Centre.

Tidens it programma fan trije dagen besochten de partners fan Story Valley Edinburgh College om it projekt yn aksje te sjen, ûnderfiningen te dielen en mooglike gearwurkingen te ferkennen. It Scottish International Storytelling Festival waard ek besocht en fertsjintwurdigers fan ynnovative projekten dy’t plakfine yn ‘e stêd waarden ynterviewd. Foarbylden binne: Super Power Agency, in kreatyf skriuwprogramma dat skriuwen brûkt om fertrouwen op te bouwen ûnder dreech te berikken 8-18-jierrigen yn Edinburgh; it projekt Creative Words for Well-being fan de Scottish Poetry Library; Street Reads Library, in feilige romte dy’t dakleazen ferbynt mei boeken; it projekt Digital Storytelling fan it Scottish Book Trust; en it EIBF Citizen Project.

It programma waard beëinige mei in ljochtshow op 28 oktober doe’t de Granton Gasholder, koartlyn ta libben brocht yn gearwurking mei Edinburgh College, waard ferljochte yn ‘e kleuren fan Story Valley.

It inisjatyf Story Valley wurdt finansierd troch it ERASMUS+-programma fan ‘e Europeeske Uny.

Granton Gasholder yn Edinburgh ferljochte yn de Story Valley-kleuren foar de earste moeting fan de projektpartners. Foto: Fabio Scalici

Partners Story Valley Ljouwert
Stichting Learning Hub Friesland
Friesland College
New Noardic Wave 

Europeeske Partners Story Valley
Edinburgh City Council
Edinburgh College
Nottingham UNESCO City of Literature (foarsitter UNESCO COL)
Ljubljana UNESCO City of Literature (fice-foarsitter UNESCO COL)
National Literacy Trust 
Multimedia and Graphic Technology Secondary School Ljubljana

Associated partners fan Story Valley yn NL 
Ljouwert UNESCO City of Literature 
Gemeente Ljouwert
Provinsje Fryslân 
LF2028
Het Letterenfonds
UNESCO Nederland