In moaie, rûne skulp fertelt my in ferhaal
De see flústeret yn myn ear, in berjocht yn eltse taal

Boppesteande dichtrigels fan Silke Fardou van der Land (2001) binne út mear as 90 ynstjoerings keazen nei in oprop foar in nij Frysk strângedicht foar op de Vliehors Expres op Flylân.

Silke van der Land is grutsk dat har dichtrigels keazen binne: “Dit is echt top! Ik bin heel bliid. Fan jongs ôf oan kom al op Flylân en ik bin foar myn stúdzje Nederlânsk in soad dwaande mei taal, dus dizze opdracht past echt by my. It wie in moaie útdaging mei de see as ûnderwerp en der yn in koarte tekst wat universeels fan te meitsjen. De taal fan de see is de taal fan elkenien. En ik tink dat dat wol út myn dichtrigels sprekt.”

Al tweintich jier rydt de Vliehors Expres de moaiste dichtrigels út oer it strân fan Flylân. Alle jierren wurdt der in wedstriid útskreaun foar nije dichtrigels. Yn gearwurking mei Ljouwert UNESCO City of Literature en de Praat mar Frysk-kampanje fan de Afûk is der dit jier foar it earst in oprop dien foar Frysktalige dichtrigels. De dichtrigels fan Silke van der Land wurde op de Vliehors Expres oanbrocht sadra’t dy ta is oan nije bannen.