In nij semester fan de Skriuwersfakskoalle stiet op it punt om te begjinnen. Oanmelde foar Skriuwtechniken A koe noch oant en mei snein 1 maart.

Wolst literêre teksten skriuwe yn it Frysk? En wolst dy dêryn ûntwikkelje? Dan bist fan herte wolkom op de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Leeuwarden UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool. Mear witte? By û.o. Tresoar en de Afûk-winkel kinst (ûnder iepeningstiden) de nije brosjuere ôfhelje.

Fêst kurrikulum

De mearjierrige oplieding hat in fêst kurrikulum: nei it lesblok Skriuwtechniken A giest troch nei Skriuwtechniken B. Beide binne oriïntearjend en bedoeld om yn de kunde te kommen mei de skoalle. Oan de hân fan ferskillende skriuwtechniken ferkenst dyn eigen talint en kreativiteit. Dêrnei kinst trochstreame nei it folgjende nivo mei lessen yn de sjenres proaza, poëzy, essay en toaniel. 

Start: Skriuwtechniken A

De 12 lessen fan it lesblok Skriuwtechniken A binne fan 4 maart 2026 ôf op woansdeitejûn fan 18:45 oant 21:45 oere by Tresoar yn Ljouwert. Krigest les fan Arjan Hut. It lesjild is 540 euro. Is it lesjild foar dy te heech? Sjoch foar in mooglike bydrage yn de kosten op volwassenenfonds.nl. 

Losse kursussen

De skoalle biedt ek losse kursussen oan, lykas berne- en jeugdliteratuer, literêre non-fiksje en senario. Se binne tagonklik foar studinten fan de oplieding en ek foar belangstellenden bûten de skoalle. Elke kursus bestiet út 8 lessen en dêrneist krijst húswurk. Elkenien wurdt op eigen skriuwnivo stimulearre. 

Data lesblokken en kursussen 2e semester 2026

  • Skriuwtechniken A: 4, 18 en 25 maart, 8, 15 en 22 april, 6, 13 en 27 maaie, 3, 17 en 24 juny.
  • Skriuwtechniken B: 4, 18 en 25 maart, 1 en 15 april, 6, 13, 20, 27 maaie, 3, 17 en 24 juny.
  • Toaniel 1: 4, 18 en 25 maart, 8 en 22 april, 6, 13 en 27 maaie, 3 en 17 juny.
  • Toaniel 2: 4, 18 en 25 maart, 8 en 22 april, 13, 20 en 27 maaie, 3 en 17 juny.
  • Kursus Literêre non-fiksje: 10 en 24 maart, 7 en 21 april, 5 en 19 maaie, 2 en 16 juny. 

Oanmelde of fragen?

Oanmelde foar it nije semester kin hjir. Wolst earst mear ynformaasje? Sjoch op skriuwersfakskoalle.frl of mail nei skriuwersfakskoalle@tresoar.nl.

Liever les in het Nederlands? De Schrijversvakschool biedt in Leeuwarden lessen aan in dbieb.

Foto: Jessie Jansen | Vormgeving: Meenes