Tongersdei 13 april droegen skriuwers Gerard de Jong, Jeannette Boskma, Sygrid van ‘t Zet, Carla van der Zwaag en Janna van der Meer harren eigen wurk foar yn popup-kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar.

De dielnimmers presintearren wat se yn de fjouwer masterclasses fan Brecht Wassenaar, Nyk de Vries, Daan Doesborgh en Janneke Brakels learden oer foardragen.

Tet Rozendal presintearre de jûn. De masterclass-searje foar skriuwers waard oanbean troch Explore the North, Tryater en Ljouwert UNESCO City of Literature.

Arjan Hut bespruts it gedicht Fryslân dat Gerard de Jong tongersdei foardroech op It Nijs.

Foto’s: Natalia Balanina / Balanina Photography