Ronald Wijnia, Marrit Jellema, Hendrik Willemsen en Sannemaj Betten binne de fjouwer dichters dy’t kâns meitsje om Stedsdichter fan de gemeente Ljouwert te wurden.

De fiifkoppige sjuery hat de finalisten út fjirtjin ynstjoeringen útkeazen. Alle kandidaten moasten dêrfoar in plan yntsjinje oer hoe’t se de rol fan Stedsdichter ynfolje wolle. De kommende moanne sil de sjuery mei de fjouwer kandidaten yn petear oer harren plannen.

Nije Stedsdichter yn jannewaris bekend

Yn de Wike fan de Poëzy, ein jannewaris 2024, makket de sjuery bekend wa’t him fan jannewaris 2024 oant jannewaris 2026 Stedsdichter fan Ljouwert neame mei. “Wat moai dat safolle kandidaten harren by ús oanmeld hawwe dy’t dy Stedsdichter fan Ljouwert wurde wolle!”, seit kultuerwethâlder Hein Kuiken. “As City of Literature meie wy ek bliid wêze mei fjouwer poerbêste finalisten. Ik winskje ús sjuery in soad sukses ta by it kiezen fan in nije Stedsdichter foar ús gemeente.”

Oer de fjouwer finalisten


Ronald Maxim Wijnia (1971) wennet yn de wyk Zuiderburen. Hy publisearre yn 2020 syn earste bondel Frisse lucht en yn 2024 ferskynt de bondel Het geluk lacht je af en toe. Under de namme Taaltriggert (goed 13.000 folgers) publisearret er op Instagram en Facebook syn gedichten. Ronald Wijnia docht geregeld mei oan eksposysjes en foardrachten (û.o.) by Poëzie in de Oldehove en 1.000 Dichters). Syn gedicht ‘Roze Wolk’ is sûnt twa jier op it gebou fan NHL Stenden te sjen.

Marrit Jellema (1993) wûn yn 2019 in Spoken Award yn de kategory ‘lyrics’. Yn juny 2021 kaam har sprutsen wurd-debútalbum superpersoonlijk út en yn septimber 2021 stie se yn de finale fan it NK Poetryslam. Begjin 2023 wie de release fan har twadde album, Voor altijd. Marrit Jellema folge fan april 2021 oant febrewaris 2023 it Urban Arts Talent-trajekt fan it fûns foar kultuerpartisipaasje om harsels as artyst fierder te ûntwikkeljen. Hja jout út en troch workshops poëzy en sprutsen wurd, organisearret mei Explore The North en City of Literature Ljouwert it sprutsenwurdevenemint ‘Hoge Woorden’ en stiet op poadia troch it hiele lân.

Hendrik Willemsen (1999) is in echte Liwwadder mei in passy foar taal, keunst en kultuer. Dy passys komme foar him allegearre byinoar by it skriuwen fan gedichten en spoken word. Hy folge de Schrijversacademie yn Amsterdam en folget dêr no in master Nederlânsk oan de VU. Hendrik Willemsen  lit him hearre as sprutsen wurd-artyst en organisearret iepen poadia en skriuwwurkateliers.

Sannemaj Betten (1995) is hikke en tein yn Fryslân (Ljouwert en Sint-Jabik). Kaam nei twa jier yn Maastricht en Almere nei Ljouwert werom. Blinkt út yn dysleksytaal, bernetaal, pubertaal, lichemstaal en yn queertaal. Stie mei 15 jier yn de finale fan de Jonge Dichter Des Vaderlands, mei 17 en 18 stie se foar Fryslân yn de lanlike finale fan Kunstbende, kategory taal, en wûn beide kearen de twadde priis. Hat in skoft Dichter by it Nijs foar de Ljouwerter Krante west. Hja kaam ek út by literêre festivals troch it hiele lân. Yn 2023 wie se ien fan de twa Ljouwerter finalisten fan de Spoken Awards yn it Luxor Theater yn Rotterdam.

Wat hâldt de rol fan Stedsdichter yn?


Ljouwert wie yn 2018 net allinnich Kulturele Haadstêd fan Europa, mar is sûnt ein 2019 ek UNESCO City of Literature. De stêd mei de byhearrende doarpen fertsjinnet in Stedsdichter. De Stedsdichter skriuwt oer Ljouwert, reflektearret op wat der libbet. In Stedsdichter hat bining mei wat der yn de gemeente spilet en hat each foar kulturele en maatskiplike ûntwikkelingen. De Stedsdichter hat in ûnôfhinklike en ferbinende funksje foar hiel Ljouwert. De Stedsdichter is kritysk en belutsen en wakkeret de leafde foar wurdkeunst oan.