Fers2 komt mei Keukenstafelpetearen, in podcast oer keunst, skriuwen en de polityk fan literatuer, presintearre troch Friduwih Riemersma en Abe de Vries. De nije searje bringt yntime petearen mei keunstners oer har wurk en har libben en sil de loft yn op woansdei 24 maart 2021.

Yn dizze alderearste Frysktalige keunstpodcast sil it literêre tydskrift Fers2 de keunst beljochtsje út in radikale optyk wei: wat wolle wy eins mei keunst? Presintearre troch skriuwer en byldzjend keunstner Friduwih Riemersma, bringt de searje yntime petearen mei skriuwers, byldzjende keunstners en poadiumkeunstners oer har wurk, ûntdekkingen, frustraasjes en reizen.

Yn alle ôfleveringen sil it gean oer watfoar idee oft de keunstner yn beweging set hat. It giet oer har fisioenen en prinsipes. Litte se de kleur swart ta yn har akwarel? Wat docht swart mei ús? Kontroversjele kwestjes wurde net mijd. Lykas, kine jo keunst wol tagonklik meitsje troch skilderijen út te lizzen oan museumbesikers? Makket sa’n útlis keunst demokratysk? Of is it just in dogma fan de museumgids? Of, wêrom noch in Dichter fan it Lân/Folk as ús idealen plak makke hawwe foar konsumpsje?

De dream fan Fers2 wie om de keunst sjen te litten as it deistich opnij skeppen fan de werklikheid: om dêr de taharkers by te krijen, as in mich op muorre, ôfharkjend hoe’t de keunstners miiskopje.

De podcast sil om de fjirtjin dagen útkomme en tusken de 15 en 40 minuten duorje. De earste ôflevering is te beharkjen op woansdei 24 maart, op de webside fan Fers2. It earste seizoen fan 12 ôfleveringen sil in ljocht skine litte oer de eftergrûnferhalen fan twa of trije keunstners.

De podcast iepenet mei dichter en skilder Elmar Kuiper dy’t fertelt oer wêr’t it no eigentlik om giet yn it dichtsjen. Wêr docht er it foar? “Boadskip is wat in swier wurd, mar úteinlik is dat wol wer’t keunst op ynset: wolst sa helder mooglik dyn punt sette, in punt.” “Soms moatst der lang op omslypje, soms skriuwt it himsels ôf. Dat sit dan yn it wyt tusken de rigels. Dêr kinst in soad ynformaasje út helje: út it swijen fan de dichter.” Hy, seit Kuiper, hat gjin missy. Mar hy wol oer hûndert jier noch wol lêzen wurde.

De muzyk en lûdstechnyk is fan komponist Martin Klapwijk, it content-advys is fan sjoernalist en podcaster Qing Wang. Fers2 is in ûnôfhinklike online publikaasje foar Fryske literêre keunst.