De muzikale poëzyfilm ‘Eagen op ôfstân’ is it yndrukwekkende resultaat fan de gearwurking tusken in muzikant en teatermakker, in dichter en in byldmakker.

Op inisjatyf fan Tresoar is de film makke troch muzikant en teatermakker Douwe Dijkstra en dichter Bram Bolten. It is in wertaling fan de eksposysje ‘SOAN-Heit, in moeting’ dy’t noch oant 21 april dit jier te sjen is yn Tresoar.

Yn dizze eksposysje komme de wrâlden fan fotograaf Simon Haringa (1953) en syn heit en dichter Harmen Haringa (1920-2000) byinoar yn 24 trijelûken.

Ynspirearre troch de tematiken om de relaasje heit en soan kaam, yn gearwurking mei fideomakker Jeroen van de Bovenkamp, de eksperimentele film ta stân. De film is in ynlieding op de eksposysje en nûget út de achterlizzende gedachten te ferkennen.

Makkers

Douwe Dijkstra
Douwe Dijkstra (1984) is muzikant en teatermakker. Hy helle yn 2012 syn diploma as komponist oan de Academie voor Popcultuur yn Ljouwert. Dêrnei toerde er troch binnen- en bûtenlân mei syn muzyk en foarstellingen. Fierder skreau er muzyk en spile er mei yn ferskate foarstellingen fan ûnder oare Peergroup en Tryater.

Bram Bolten
Bram Bolten (1997) is dichter. Hy skriuwt koarte teksten en gedichten dêr’t er de wrâld om him hinne mei begripe wol. Hy studearret op dit stuit ôf oan de Academie voor Popcultuur mei in foarstelling, dêr’t er lieten foar komponearret en teksten foar skriuwt. Sûnt 2019 is er by wurdkeunstplatfoarm Dichter Bij Leeuwarden oansletten, dêr’t er no foar in part as produksje-assistint wurket.

Jeroen van de Bovenkamp
Jeroen van de Bovenkamp (1989) is byldmakker. Hy is ôfstudearre as multimedia spesjalist fan de oplieding Communication and Multimedia Design yn Ljouwert. Op it stuit is er parttime wurksum as fideo- en filmmakker by soarchorganisaasje Fier. Dêrnjonken wurket er foar syn eigen bedriuw ‘Lange Krullenbol’ mei ferskate fideo- en filmprojekten. Sa makke er resint de film ‘Onder Water’ mei muzikant Tristan Visser.