Sneon 23 maaie wie der in nije edysje fan Page Against the Machine: in Silent Book Club bûtendoar. Yn it nije parkje neist Campus Fryslân, oan de Willemskade, waard folop lêzen.

It wie in moai gesicht: besikers op harren eigen stuoltsjes, op sitsekken fan Tresoar en op strânstuollen fan CoL. Telefoans giene út, boeken giene iepen. De minybyb rûn goed leech, want sawol Frysktalige as Nederlânsktalige boeken waarden begearich meinaam yn it gers.

Page Against the Machine is in inisjatyf fan Norwich City of Literature en boekhannel The Book Hive. It evenemint yn Ljouwert waard organisearre troch Ljouwert City of Literature en de Silent Book Club Fryslân fan Tresoar.

Besjoch hjir de foto’s fan Natalia Balanina: