De Diet Huberpriis giet nei Skelte Siweris Braaksma foar syn graphic novel Redbad. Yn Redbad wurdt in byld sketst fan it libben fan de romrofte kening Redbad, basearre op de roman Rêdbâd fan Willem Schoorstra. De sjuery hat unanym keazen foar it young adult stripboek. De útrikking fan de Diet Huberpriis 2025 oan Skelte Braaksma is op 6 novimber by Tresoar yn Ljouwert.

De trijejierlikse Diet Huberpriis foar it bêste yllustrearre Fryske berne- en jeugdboek is ynsteld troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjsintrum (FLMD). De priis is neamd nei Diet Huber (1924-2008), berneboekskriuwer en yllustrator, bekend fan it faak werprinte Tutte mei de linten. De winner krijt 2.000 euro en in oarkonde. De earste priiswinner wie Mirjam van Houten mei har boek By beppe útfanhûs.