Fan 23 septimber ôf sette seis poëzij- en proazaskriuwers útein mei de rige workshops Foardrachtskeunst by Tryater. Dizze rige fan fjouwer workshops is organisearre troch Ljouwert City of Literature, Explore The North en Tryater. Der wienen fyftjin oanmeldingen, in pracht oantal foar dizze earste kear.

Yn fjouwer byienkomsten hâlde de skriuwers harren dwaande mei hâlding, stim, ynterpretaasje en teatertechniken: it ark fan in goeie foardrachtskeunster. Akteur en teaterdosint Karel Hermans jout de workshops. Op tongersdei 14 oktober presintearje de skriuwers in performance oan it publyk. Mear ynfo dêroer folget.