Wat hat dy motivearre om dy oan te melden foar de yntroduksjeles?
“Nei oanlieding fan myn wurk, dêr’t ik in protte belibbe, woe ik in boek skriuwe. Ik wist dat ik it net allinnich koe. Hoe begjin je, wat wol ik der yn hawwe? Foar wa skriuw ik it? Dus op nei de yntroduksjeles fan de Skriuwersfakskoalle.”
Wat fûnst dêrfan?
“Der wie in protte animo. Ik skat sa’n 25 minsken. Troch Pauline Durlacher, de koördinator, krigen wy goeie ynformaasje oer de skoalle. Arjan Hut wie de dosint. Wy krigen in skriuwopdracht en ik koe drekt in ferhaal skriuwe. Dus ik wie entûsjast!
Hoe soest de yntroduksjeles yn ien sin beskriuwe?
“De yntroduksjeles hie in goed ynformatyf part en tagelyk krigen wy in foarpriuwke fan in skriuwopdracht.”
Wat joech foar dy de trochslach om dy nei de yntroduksjeles oan te melden foar Skriuwtechniken A?
“De trochslach wie: no as nea! Opjaan. Der soe les jûn wurde yn in lytse groep fan 8 á 9 persoanen, en dat spruts my oan.”
Hoe befalle de lessen fan de Skriuwersfakskoalle dy oant no ta?
“De lessen binne hiel nijsgjirrich. Arjan leit fariaazje yn de lessen. Ik lear ferskate manieren fan skriuwen dêr’t ik my noait mei dwaalde hold. Ik fyn it pittich mar Arjan is in goeie stiper. It hoecht net perfekt. Besykje it.”
Op woansdei 12 febrewaris fan 19:00 oant 21:30 oere is der wer in fergees tagonklike yntroduksjeles Skriuwtechniken A by Tresoar yn Ljouwert. Graach even opjaan op kantoar@skriuwersfakskoalle.frl.