Op sneon 20 juny wurdt yn Harns de Anton Wachterpriis útrikt. De priis is ferneamd nei de haadpersoan mei deselde namme yn acht romans fan Simon Vestdijk en is de meast prestizjeuze debútpriis foar Nederlânsktalige romans. De priis wurdt elke twa jier útrikt.
Foar de edysje fan 2026 ûntfong de faksjuery hast hûndert romans. Allegearre binne se lêzen en beoardiele. Sjueryfoarsitter Geart de Vries presintearret it sjueryrapport, wêrnei’t boargemaster Ina Sjerps de priis útrikt.
It programma begjint om 13.30 oere en bestiet ûnder mear út in iepening troch Jolianne Hellemans (direkteur-bestjoerder Bibliotheken Noord Fryslân), de útrikking fan de Ina Dammanpriis troch Hans van Velzen (foarsitter fan de dijkkring), muzyk troch Jankobus Seunnenga en Dick Vestdijk, en de útrikking fan de Anton Wachterpriis. Om 16.00 oere is it programma ôfrûn.
De priisútrikking sels is útferkocht. Oanslutend, fan 16.30 oere ôf, begjint it Literair Festival Harns.