Literair Festival Harns komt der wer oan! De tún achter de boekhannel, it museum en de biblioteek wurdt dizze simmer wer omtsjoend ta in sfearfol festivalterrein mei in programma fol hichtepunten.
De middei set útein mei de útrikking fan de Anton Wachterpriis – de meast prestisjeuze debútpriis fan Nederlân. De winner mei fuort it poadium op. Dêrnei folget in dûbelynterview mei heit en dochter Jan en Janneke Siebelink, beide skriuwers mei each foar famylje, oantinkens en de spoaren dy’t in libben efterlit.
Nei it skoft komt Christien Brinkgreve oan it wurd oer har memoir Beladen huis (2025), nominearre foar de NS Publykspriis. Erik Dijkstra fertelt oer sport en de minsken dy’t dêryn sintraal stean. Herman Brusselmans út Flaanderen is de ynternasjonale gast – syn wurk is skerp, humoristysk en rekket oan iensumens en langstme.
Huub van der Lubbe slút it festival ôf mei in solo-optreden: ferskes fan eigen wurk oant Brel en Dylan, ôfwiksele mei anekdoates en gedichten. Tusken de programma’s troch is der alle romte om te iten by Hippe Frieten en te genietsjen fan in lekker drankje yn de moaiste tún fan Harns.
Tickets: € 27,50 (foarferkeap oant 1 maaie) | € 30 (regulier)
Te krijen by Van der Velde Harns en fia ontdekdebieb.nl.