Tusken 7 maaie en 14 augustus 2022, alle dagen fan it 100 dagen duorjend kultureel programma Arcadia, brocht Utsteld gelok fan Ljouwert UNESCO City of Literature in nij ferhaal op hieltyd in oar, paradyslik plak yn Fryslân. Yn 2023 kaam in blomlêzing mei 32 fan de ferhalen út. Alle 100 ferhalen binne no ek te finen op Spotify.

100 dagen, 100 ferhalen, 100 lokaasjes

De reade tried: de syktocht nei skientme yn en nei de pandemy. Wat jout ús moed, hokker siedsjes plantsje wy foar de takomst? Annelies Verbeke, Elke Geurts, Etgar Keret (Israël), Gerda Blees, Joke van Leeuwen, Koos Tiemersma, Marek Šindelka (Tsjechië), Nyk de Vries, Pilar Quintana (Kolombia), Thomas Verbogt en njoggentich oare auteurs skreaunen der allegearre in nij koart ferhaal oer.

Fyftjin profesjonele fertellers liezen dizze ferhalen foar. Yn de tún by de Friezen thús, op de folkstún, yn tunen fan staten en stinzen, yn pluk- en teetunen en op festivals. Yn it Frysk, yn it Nederlânsk of yn it Ingelsk.

Boarne fan ynspiraasje: it fjirtjinde-iuwske masterwurk fan de Italiaanske dichter en gelearde Boccaccio: de Decamerone. In samling fan hûndert ferhalen, yn tsien dagen ferteld troch tsien jonge minsken, op ‘e flecht foar de pest. 

Lykas doe fertelden we inoar ek no ferhalen om de tiid troch te kommen, om inoar te fermeitsjen, om te reflektearjen op de ellinde. Mar ek – en benammen – om wer in bytsje skientme en gelok te finen.