Alen Hrustic (13) út De Jouwer wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2025, dé priis foar it bêste Fryske gedicht skreaun troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Op sneon 11 oktober kriget hy ‘De Gouden Fear’ en in oarkonde útrikt yn de Martinitsjerke yn Boalsert, op itselde stuit dat ek de Gysbert Japicxpriis útrikt wurde sil oan skriuwer Elmar Kuiper foar syn dichtbondel Ferlosboartsje.
De Gysbert Japicxpriis bestiet al sûnt 1947 en yn 2013 is ek de Lytse Gysbert Japicxpriis yn it libben roppen om bern yn ’e kunde komme te litten mei skriuwer en dichter Gysbert Japicx (1603-1666), de Fryske taal en de keunst fan it dichtsjen. Bern yn hiel Fryslân diene mei oan in edukaasjeprojekt fan Tresoar, skreaune gedichten en stjoerden dy yn om yn oanmerking te kommen foar dizze fûl begearde priis.
Lês mear oer de priis en de winner
Foto: Simon Bleeker