Schrijversvakschool Groningen set yn gearwurking mei Ljouwert UNESCO City of Literature en Tresoar útein mei in skriuwkursus foar begjinnende en in lesblok redigearjen foar betûfte auteurs dy’t it Frysk as skriuwtaal brûke. De trije organisaasjes dogge dat ûnder de namme Skriuwersfakskoalle.

Op sneon 4 septimber om 14:00 oere is der in fergees tagonklike yntroduksjeles yn dbieb yn Ljouwert. Oanmelde kin fia kantoor@svsgroningen.nl.

foto: Jantina Talsma

Nei de webside →