Tidens Heel Nederland Leest – jierliks yn de moanne novimber – komt Raoul de Jong nei Bibliotheek Drachten. De Jong (Rotterdam, 1984) is ûnder oare auteur, kollumnist, teäterskriuwer, programmamakker en podcastmakker. Hy skreau en skriuwt ûnder oare kollums en artikels foar NRC Handelsblad, Vrij Nederland, Elle, Het Parool en De Correspondent. De Jong debutearre as romanskriuwer yn 2005. Syn wurk ûnderskiedt him troch in humoristyske, autobiografyske en spirituele toan.
Syn boek Jaguarman (2020) giet oer syn syktocht nei syn Surinaamske heit en eardere foarâlden. It waard oerset yn it Dútsk, Ingelsk en Frânsk en waard nominearre foar de Libris Literatuurpriis, de European Union Prize for Literature, de Boekenbon Literatuurpriis, de Boon Literatuurpriis en de E. du Perronpriis. Yn 2023 skreau Raoul de Jong it Nationale Boekenweekgeschenk Boto Banja. Ferline jier ferskynde de ferhalebondel Groningen door dromersogen, dat er skreau nei in jier lang gastskriuwerskip oan Ryksuniversiteit Grins. Op dit stuit skriuwt er in filmskript oer it libben fan Anton de Kom.
Oer Heel Nederland Leest
Yn novimber krijst alle jierren in oar boek kado by de biblioteek. Want: mei-inoar in goed boek lêze, dat bringt petearen op gong en ferbynt minsken mei-inoar. Yn 2025 is it kadoboek Onder de paramariboom fan Johan Fretz. Yn dizze bestseller ûnderfynt Johannes, dy’t ‘dûbelbloed’ is, foar it earst dat er in Surinamer is.
Foto: Stephan Vanfleteren
Nei de webside →