Alle jierren wurdt troch de UNESCO op 21 febrewaris de Ynternasjonale dei fan de memmetaal fierd. Dizze dei stiet yn it ramt fan de taalkundige en kultureel ferskaat en de meartaligens.
Foar de UNESCO binne talen it ynstrumint om it kulturele erfgoed libjend te hâlden. Troch memmetalen yn eare te hâlden, bliuwt de taalkundige en kulturele tradysje bestean en wurdt men jin mear bewust fan de ferskillen tusken etnyske groepen. Dat liedt mooglik ta mear begryp.
Yn Ljouwert fertoane it Europeesk Buro foar Lytse Talen, Mercator Europeesk Kennissintrum en Slieker Film op tiisdeitejûn 21 febrewaris de Iersktalige film An Cailín Ciúin (The quiet girl). Kaartjes kostje 11 euro en binne te reservearjen op de webside fan Slieker Film.