Wolst leare om goed te fertellen? Op 7 jannewaris set ferteller Frank Belt fan Op Verhaal wer útein mei de kursus ‘ Vertel je verhaal! – storytelling foar starters’.

Oftst no dyn persoanlike ferhaal fertelle wolst, dyn boadskip better oerbringe wolst of gewoan hâldst fan ferhalen, in goed ferteld ferhaal sprekt folle mear oan as wat ek.

Yn seis gearkomsten fan oardel oere komme ferskate eleminten fan it fertellen foarby. Lykas opbou fan in ferhaal, ferhaalkar, sels fertelle fan in besteand of eigen ferhaal, presintaasje. Oan’e ein hast alles yn hannen om sels nije ferhalen te fertellen.

Nei de webside →