Mei Decemberlicht bringt duo Kroft & Smids ljocht yn de tsjustere dagen om kryst en âld en nij hinne, troch mei projeksjes op ferskate plakken yn de Ljouwerter binnenstêd gebouwen om te tsjoenen ta plakken dêr’t ferhalen ferteld wurde yn wurd of yn byld.

In gedicht op in keale muorre, in moai sitaat op in monumint, in gevel dy’t filmdoek wurdt… Fan 17 desimber 2024 o/m 5 jannewaris 2025 fan 17:00 oant 22:00 oere is Decemberlicht der foar de fiifde kear.

foto: Hoge Noorden | Jacob van Essen

Nei de webside →