Wat bart der ast in groep skriuwers, fregest in kroechbestindich koart ferhaal te skriuwen? Dan krigest in bûnt en skerp portret fan de Fryske literatuer. Fan humor oant horror, fan tragyk oant absurdisme: de ferhalen fiere dy lâns in ûnhuer American Ribhouse nei in badkeamer dêr’t wat dript, bringe dy yn ‘e kunde mei in moardlustige Fryske skriuwster en de moderne Jezus dy’t poater rekket. De iene kear giet it need, de oare kear wurdt krekt mei subtile streken in libbensecht personaazje delset.

It ferskaat oan stimmen – ek yn de streektalen – lit sjen hoe ryk en breed it Fryske ferhaal is. Mei skerpe observaasjes, selsspot en ferbyldingskrêft ferkenne de skriuwers it libben fan no, mei al syn nuânses en tsjinstellingen.

Yeehaa! is in bondel foar wa’t him ferrasse en fermeitsje litte wol! Ít fakânsjeboek foar de simmer fan 2026: net te dik en útjûn as paperback, dus geskikt foar elke lêzer, ast no in ‘foarsichtich-fuortlizzer’ bist, of in ‘dûbeltearder’. 

Ek de priis is, yn dizze djoere tiden, oanpast oan de fakânsjestimming. Dus hast even hielendal dyn nocht fan it wrâldbarren: telefoan út en boek oan! 

En, oh ja: Yeeha! is fansels ek poergeskikt ast gjín fakânsjeplannen hast.

Elk is hjirby fan herten útnûge. Der is muzyk fan Wiebe van Dijk. Der is in koart programma, wêrnei’t der gelegenheid is om it boek te keapjen én eventueel sinjearje te litten troch de skriuwers dy’t oanwêzich binne.