Fynst skriuwen leuk en bist ynteressearre yn minsken? Dan is dizze workshop ‘sosjaal skriuwen’ wat foar dy. Hoe tinkt, praat en docht ien? Wat beweecht de oar? Oan de hân fan petearen wurdt der spile mei taal. Spelenderwize krûpst yn’e hûd fan in oar en ûntdekst miskien wol wat fan dysels watst noch net wist.
Sytse Jansma – dichter, skriuwer en ynterdissiplinêr keunstner út Harns – waard yn koarte tiid ynternasjonaal suksesfol. Foar syn persoanlike bondel Rozige maanvissen, mei oangripende gedichten oer treast en akseptaasje yn in perioade fan rou, krige er yn 2024 de C. Buddingh-priis foar it bêste Nederlânsktalige debút. Syn projekt Sprekende stenen, foar Leeuwarden UNESCO City of Literature, makket iensumens op in ferfrissende wize ynfielber. Dit langrinnende literatuerprojekt mei byldeleminten fan Ineke van der Blom besoarge harren resintlik de LC-publykspriis fan de Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing.
Sytse Jansma jout dizze workshop yn De Utrecht spesjaal foar Pax Intrantibus. Dit is in ‘ynspiraasje 8-daagse’ mei in ynbannich programma, dêr’t arsjitektuer, keunst, literatuer, muzyk, meditaasje en in teeseremoanje de ferbinende faktor yn bringe.
Foto: Natalia Balanina