Dizze kear sjochst by Wurden op Woansdei op 2 july de jierfinale fan de Poetry Slam! De trije winners fan de foarrieden én in dichter dy’t in wildcard wint fia sosjale media nimme it noch ien kear tsjininoar op. Wa’t dizze kear de measte stimmen wit te sammeljen, wint in plak yn de heale finale fan it NK. Dy persoan mei Ljouwert fertsjinwurdigje yn Utert!