Alle jierren is it op 21 maart Wrâld Poëzijdei. Wrâld Poëzydei waard foar it earst holden yn 1999, op inisjatyf fan UNESCO, mei as doel it lêzen, skriuwen en publisearjen fan poëzy te befoarderjen en mei poëtyske ekspresje it taalkundich ferskaat sjen en hearre te litten. Der is ek spesjaal omtinken foar bedrige talen.

Poëzij draacht by oan kreatyf ferskaat, ús wize fan waarnimming en it begripen fan ‘e wrâld. Wrâld Poëzijdei is in dei stil te stean by de krêft fan taal en de ûntwikkeling fan elkenien syn as har kreative kapasiteiten.

Picture Poems

Yn 2019 is Johan van Oijen fan Metafoor Media tegearre mei Syds Wiersma fan it dichterskollektyf RIXT en Bert Looper fan Tresoar begûn mei in projekt wêryn’t fideoklips wurde makke foar Fryske poëzy: Picture Poems. De fideo’s waarden útstjoerd op FryslânDOK op NPO 2 en kinne besjoen wurde op YouTube. It oantal fideo’s wurdt útwreide. Op fersyk fan Ljouwert City of Literature binne guon films foarsjoen fan Ingelske ûndertiteling / voice-over.