Altyd al dyn eigen gedicht skriuwe wolle? Doch mei oan trije jûnen mei Fryske skriuwer en dichter Arjan Hut en wurk ta nei ien of mear gedichten. Do learst in sterke ynhâld te betinken, in byld en sfear oproppe en dyn gedicht opbouwe.

Foar jongerein fan 16 -24 jier dy’t fan skriuwen hâlde – of dat krekt leare wolle. Gjin ûnderfining nedich, allinnich sin om te kreëarjen!

Ynteressearre en wolst dy oanmelde? Stjoer in appke nei Marieke op 06 -38982665. Dielname is fergees.

Nei de webside →