Op snein 23 juny presintearret Sytse Jansma y.g.m. Noorderwind Muziekproducties in work-in-progress-presintaasje fan de foarstelling Rozige maanvissen. De foarstelling wurdt dêrnei trochûntwikkele en fertoand by it Explore The North festival yn it neijier fan 2024. De gedichten komme út de dichtbondel fan dichter Sytse Jansma, wêrmei’t er begjin juny de C. Buddingh’-priis wûn (de priis foar it bêste Nederlânsktalige debút fan it jier).

Rozige maanvissen is in ynterdissiplinêre foarstelling oer rou. In oangripende syktocht nei treast, akseptaasje en it libben. Frije ymprovisaasjes wurde ôfwikselje mei tango’s fol libben en serene koraalmelodyen. In foarstelling wêrby’t poëzy, muzyk en teäter op sa’n wize gearraand binne dat se nije perspektiven biede op in swier beladen ûnderwerp as de dea.

Dizze produksje is in gearwurking tusken Stichting Noorderwind Muziekproducties en dichter Sytse Jansma en mei mooglik makke troch Provinsje Fryslân.

Regy Fabian Jansen | Scenografy Afke Manshanden | Performance, tekst Sytse Jansma | Marimba, slachwurk Johannes Terpstra | Saksofoan Sietske Trinks

Snein 23 juny 14.30 oere (ynrin 14.00 oere)
Podium Explore, Bagijnestraat 59 Ljouwert
Entree fergees! Wol graach efkes reservearje

Nei de webside →