Op 7 jannewaris annulearre y.f.m. it winterske waar, nije datum: 14 jannewaris
Woorden op Woensdag is it iepen wurdkeunstpoadium yn Ljouwert. Begûn by Dichter Bij Leeuwarden hawwe de WoW-sesjes no harren thús fûn by Podium Explore.
Alle earste woansdeis fan de moanne wurdt hjir fan 20.00 oant 21.30 oere de wurdkeunstmienskip fan Ljouwert fierd. Yn it kafee fan Podium Explore is elkenien wolkom dy’t himsels dichter neamt of neame wol (en alle freonen).
Dus kom ek del, lit dy ferrasse of klim sels op it poadium!
Fergees yntree, ynrin fan 19.30 oere ôf. Sjoch foar de line-up op de webside.
Nei de webside →