‘Wereldboekendag’ wurdt sûnt 1995 alle jierren op 23 april troch UNESCO organisearre ta promoasje fan lêzen, publikaasje en auteursrjochten. Yn Kataloanje falt de dei gear mei it populêre feest fan Sant Jordi en is it neffens oerlevering op dy dei gebrûk om mannen in boek kado te jaan en froulju in roas.

Barcelona feroaret dy dei dêrom yn in enoarme iepenloft-boekwinkel anneks blommesaak en ferline jier waard boeke- en roazedei foar it earst ek fierd yn Ljouwert. Nei it sukses fan ferline jier is it dêrom dit jier op sneon 22 april op ‘e nij boeke-en roazedei yn de Afûkwinkel. Startmomint om 11.30 oere!