Fan 11 oant en mei 13 septimber organisearret Dichterskollektyf RIXT har earste skriuwerswykein op de Folkshegeskoalle Skylgeralân, Skylge. Yn dat wykein komme dichters fan RIXT en fan it eilân by-inoar foar in útwikseling om mei-inoar te wurkjen oan nije fersen. De dichters hawwe in mienskiplik optreden op sneontejûn, 12 septimber.

Njoggen RIXT-dielnimmers en seis eilândichters sille by Waailân mei-inoar poëzy kreëarje. Dat dogge sy troch ynspiraasje fan inoar en fan de omjouwing. Edwin de Groot, foarsitter fan it kollektyf, sil it barren yn goede banen liede.

It slotoptreden sil plakhawwe op de Folkshegeskoalle en om 20:30 oere begjinne. Tagong is fergees, mar fanwegen de feilichheidsmaatregels moat der rekken holden wurde mei beheind plak en ferplichte oanmelding by RIXT.

It skriuwerswykein is nei oanlieding fan de winsk by de dichters fan it kollektyf om de ferbining te sykjen, harren yn de poëzy te ferdjipjen en om mei-inoar poëzy te skriuwen en op te treden. Krektlyn hat it dichterskollektyf ek al mei-inoar oan poëzy skreaun, mei de goed ûntfongen ‘Rigel fan Rink’. In wike lang hawwe op ’e Skriuwersarke RIXT-dichters wurke oan it trochjougedicht, ‘De bui’.

Lês mear

Nei de webside →