Rinsto it risiko te debutearjen mei dyn memoires fanwegen krapte oan fokus? Skow op freed 27 juny oan by it Typewriterscafé by Podium Explore! Rêstich tikje op de moaiste, raarste en fernimstichste typmasines fan eartiids. Foar alle nedige saken wurdt soarge. Tink oan lekker tsjok papier, Pritt-korreksjelint en peptalks.
Kom del en meitsje einlings faasje mei dyn koarte ferhaal / dat lestige haadstik fan dyn debútroman / dat ellindige essay / dy lange brief oan dyn beppe!