It Tripgemaal en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearje in literêre middei mei Jilt Jorritsma (Snits, 1991). Hy debutearre yn 2021 mei de roman Was en earder dit jier ferskynde syn twadde roman Autopsie.

Mei syn essays riget Jorritsma de iene priis oan de oare en oan de Iepen Universiteit docht er ûndersyk nei sinkende stêden. Wêr oars as oan de foet fan it sinkende lânskip de Deelen, kin Femke Liemburg him better ynterviewe oer syn wurk?

Mear ynformaasje folget.

foto: Simone Vermeeren

Nei de webside →