Berneboekeskriuwster Tosca Menten bringt in besite oan mar leafst seis biblioteken fan Bibliotheken Noord Fryslân. Bist tusken de 8 en 12 jier? Kom del! It is fergees en hoechst dy net oan te melden.
De populêre skriuwster – foaral bekend fan har hilaryske en fantasyrike boeken lykas Dummie de Mummie, Siem Subliem en Dirkje Bakkes, brandnetelspecialist – nimt jong en âld yn har boeken mei yn in wrâld fol humor, spanning en ûnferwachte winskings. By har besite krigest in unyk blik efter de skermen fan it skriuwerskip. Der is ek folop gelegenheid om fragen te stellen.
De skriuwster makket in toer lâns dizze biblioteken:
Mo. 20 oktober, 13.00 – 14.00 oere, Biblioteek Sint-Anne
Mo. 20 oktober 14.30 – 15.30 oere, Biblioteek Frjentsjer
Mo. 20 oktober, 16.00 – 17.00 oere, Biblioteek Harns
Ti. 21 oktober, 13.00 – 14.00 oere, Biblioteek Dokkum
Ti. 21 oktober, 14.30 – 15.30 oere, Biblioteek Kollum
Ti. 21 oktober, 16.00 – 17.00 oere, Biblioteek Bûtenpost