Op tongersdeitejûn 11 maart komt skriuwer Tommy Wieringa nei Fryslân om in live online lêzing te hâlden oer syn lêste boek Gedachten over onze tijd, út ‘e studio fan’ e biblioteek Drachten wei. Tidens de fergese lêzing fia it fideoprogramma Zoom kinne ek fragen steld wurde oan Wieringa. De bêste fraach wurdt beleanne mei in sinjearre eksimplaar fan it boek.

Wy kenne Wieringa fan syn prachtige romans en ferhalen, mar yn dit boek blinkt er út as kollumnist. Syn stikken leverje in ynkringende analyze fan ‘e steuringen fan ús tiid en stimulearje sadwaande fierder tinken en it sykjen nei oplossingen. Wieringa sil tidens de lêzing ynterviewd wurde troch Jacob van der Weij en sil ek fragen beantwurdzje fan dielnimmers.

De Boekenweek wurdt yn maart foar it earst yn 75 jier annulearre, mar gjin noed: fan útstel giet it net oer. De Boekenweek – it grutste boekefeest fan it jier – wurdt yn de simmer goedmakke. Om’t it boek noait genôch fierd wurde kin, organisearret it CPNB fan 6 maart ôf Het voorwoord van De Boekenweek.

Stichting Literaire Activiteiten Smallingerland, Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen, Biblioteken Mar & Fean en Biblioteek Drachten organisearje de lêzing.

De lêzing kin fergees folge wurde. Registraasje is nedich. Dat kin op de webside fan de Bibliotheek Drachten.

www.bibliotheekdrachten.nl