Dichter Sytse Jansma, winner fan de C. Budding’- priis 2024 foar it bêste Nederlânsktalige debút, bringt syn bekroande bondel Rozige Maanvissen nei de teäters. Tegearre mei de musisy fan Noorderwind Muziekproducties presintearret hy in foarstelling dy’t poëzy, muzyk en teäter gearbringt.

Rozige Maanvissen is in muzikale reis troch in poëtysk rouproses – in oangripende syktocht nei treast, akseptaasje en it libben. Frije ymprovisaasjes wikselje har ôf mei libbenslûstige tango’s en serene koraalmelodyen. Klanken fan marimba, slachwurk en saksofoan wurde mei Jansma’s poëzij en biede sa nije perspektiven op in swier beladen tema as de dea. De foarstelling makket rou besprekber en iepenet romte foar treast en ferbylding.

De foarstelling is ûntwikkele ûnder rezjy fan Fabian Jansen, dy’t poëzy, muzyk en toanielbyld ta in krêftich gehiel smeid hat. Troch de ferskillende dissiplinen mei-inoar te ferweevjen, krije se mei-inoar in gruttere sizzingskrêft en ferbyldingskrêft – wêrtroch’t de bondel Rozige Maanvissen op in hiel nije wize ta libben komt.

Op 17 oktober is de premjêre yn Theater Roden, dêrnei giet de toer lâns ûnder oare stêden as Amsterdam (Theater Bellevue), Den Haag (Zaal 3), Enschede (Wilminktheater), Drachten (De Lawei) en Antwerpen (Zaal Platform).

Kredits: Tekst en spul Sytse Jansma | Saksofoan Sietske Trinks | Slachwurk Johannes Terpstra | Regy Fabian Jansen | Scenografy & kampanjebyld Afke Manshanden | Ljocht & lûd Patrick Kramer |

SPYLLIST 2025/2026
16 oktober – Milûk, Harns (try-out)
17 oktober – De Winsinghhof, Roden (premjêre)
26 oktober – Wilminktheater, Enschede
2 novimber – De Spylder, Warns
9 novimber – Teätertsjerke Nes, Nes
16 novimber – Theater Bellevue, Amsterdam
3 desimber – De Nieuwe Kolk, Assen
6 desimber – Woudkapel, Bilthoven
9 desimber – Zaal 3, Den Haach
12 desimber – De Lawei, Drachten
30 jannewaris – Zaal Platform, Antwerpen

foto: Afke Manshanden

Nei de webside →