Story Valley Academy stimulearret MBO-studinten en nijkommers om te lêzen, skriuwen en te praten yn ferskate talen en kreative produksjes te meitsjen mei ferhalen út harren kulturele achtergrûn. It is in troch Erasmusfonds fan de Europese Unie finansjeard projekt fan njoggen ûnderwiis- en taalorganisaasjes út hiel Europa. Yn oktober is de foljende byienkomst, yn Ljouwert. Sjochst groepkes entûsjaste ynternasjonale fertellers yn ‘e stêd? Dan wist: Story Valley Academy!
storyvalleyacademy.com