Leezie Zondag
Noch in oerke lekker offline ûntspanne? Bliuw noch efkes hingjen foar it lêste diel fan de Zindagmiddag. Elke Leezie Zondag jout Arcadia ferskate partners de romte, yn de Keuken fan Bouwurk, om in moaie gearkomste te organisearjen dêr’t lêzen en moetsjen sintraal steane. Lêst mei?

Op snein 20 july kinst fan 16.00 – 17.00 oere meidwaan oan Mei-inoar lêze.

Mei-inoar lêze
Skow oan by Mei-inoar lêze en genietsje mei oare lêzers fan moaie ferhalen en gedichten.

De teksten wurde op it plak sels útdield, lûdop foarlêzen en dêrnei mei-inoar besprutsen. It is dus gjin klassike lêsklub of boekenklub. Elkenien kin meidwaan en tarieding of foarkennis is net nedich. De taal wêryn’t wy lêze en prate passe wy oan oan de foarkar fan de groep. Meidwaan is fergees. De kofje en tee steane klear!

Mei-inoar lêze is in aktiviteit fan de dielnimmende lokaasjes, Leeuwarden City of Literature en de Culturele Apotheek. Mei Mei-inoar lêze wurkje wy mei oan it Frysk Lêsoffensyf.