Foarspul foar trije dagen Explore the North

Socht: m / v / x (mearfâld) foar int. & span. jûn yn lwd. Orgy mei lit. tksten & optr. fan fersk. lit. kollekt. op beats gl. Ico & Marcel, optr. v.d. Jonge Schrijvers & Linkse Mannen en dik feest fr. lovers.

Oan de foarjûn fan it festivalwykein fan Explore the North beslaan de ruten fan de Stadskas troch De Literaire Orgie, in hite jûn dêr’t wy ús lave oan literatuer, druven, tsiis en wyn. Mei ûnder mear de Zine-presintaasje fan de Jonge Schrijvers, De Linkse Mannen, foardrachten fan ferskate literêre kollektiven yn Fryslân en as ôfsluter in grut feest, nûget Explore the North dy fan herte út.

Dizze jûn is foar elkenien dy’t fan taal hâldt; oftst dy no leaver yn stilte op dyn keammerke konsumearrest of lûdop yn in grutte groep.

It programma:
19u30 -20u00: Zinepresentatie Jonge Schijvers
20u00 -20u30: Linkse Mannen
20u 45 -21u30: Foardrachten (host troch De Linkse Mannen + soundscape fan Cobalt & Caron)
21u 30: Feestje mei Cobalt & Caron (Lake Woozoo)
De dielnimmende partijen binne
– Dichterskollektyf Rixt
– Pauperpoëzy
– Erik de Boer (û.o. fan poëzy Sneon yn Drachten)
– Melvin van Eldik (û.o. fan poëzy yn de Bres)
– Woorden op Woensdag
– Poetry Circle058
– Schrijversvakschool
– De Skriuwersfakskoalle (mei Lara Kool)
– Dichter op de Deel (Dien L. de Boer)
– Ljouwert City of Literature (mei writer in residence Eduard Olesti)

Lokaasje: De Stadskas, Aldehoustertsjerkhôf, Ljouwert.
De tagong is fergees, oanmelde is net nedich.

Nei de webside →