Op woansdei 28 febrewaris wurdt de Iraansk-Nederlânske skriuwster Sholeh Rezazadeh ynterviewd yn de biblioteek yn Easterwâlde. Sintraal stiet har twadde roman Ik ken een berg die op me wacht, dy’t ôfrûne septimber ferskynde. Rezazadeh (1989) kaam yn 2015 út Iran wei nei Nederlân. Trije jier nei har oankomst tekene se in kontrakt foar har romandebút De hemel is altijd paars (2021), dat bekroand waard mei de Debutantenprijs en de Bronzen Uil Publieksprijs. Neist proaza skriuwt se poëzy en kollums.
Mear ynformaasje & reservearje
Nei de webside →